folgje ús
Folgje ús:
Facebook/iependoarp Twitter/iependoarp Instagram/iependoarp
< Werom nei it oersjoch

it projekt

Iepen Doar(p) is in alternatyf ûndersyk nei mienskipssin, in feroarjend begryp yn in maatskippij dy’t al mar globaler, yndividualistysker en digitaler wurdt. In begryp dat histoarysk en kultureel sjoen in bysûndere betsjutting hat yn Fryslân, de provinsje mei de grutste tichtens fan lytse doarpen yn Nederlân.

Mienskipssin


Iepen Doar(p) is in community-projekt dat sjen lit dat elkenien in bysûnder, oandwaanlik en weardefol ferhaal te fertellen hat. It dielen fan dy ferhalen sil it ûnderlinge begryp yn it doarp fergrutsje en de besteande mienskipssin fersterkje.

Iepen Doar(p) publisearre fan 12 febrewaris 2018 ôf online op 129 wurkdagen efterinoar in portret op dizze webside en op sosjale media. Sa wiene sprekwurdlik alle doarren fan it doarp iepene. Tagelyk hat Omrop Fryslân dizze audiovisuele portretten útstjoeren. Sadwaande wurdt de hjoeddeiske skiednis fan ien fan de moaiste Fryske doarpen bewarre foar takomstige generaasjes.

Duorsum tagonklik


Nei publikaasje fan alle 129 portretten is Iepen Doar(p) – Feanwâldsterwâl folbrocht, mei de ferwachting dat oanslutende inisjativen folgje.
De webside en dêrmei de folsleine ynhâld fan Iepen Doar(p) – Feanwâldsterwâl is eigendom fan de Stichting Iepen Doar(p) en sil oerdroegen wurde oan erfgoedynstelling Tresoar. Hjirmei is de online tagonklikheid fan it projekt foar de takomst garandearre.