“Iepen doar[p] is ûntstien fanút de oertsjûging dat elk libben in portret wurdich is, fanút de nijsgjirrichheid nei it doarp dêr’t ik opgroeide, de ferhalen dêr dy’t myn jeugd bewust en ûnbewust rekke hawwe, en fanút de winsk om fia myn wurk, fia it fertellen en dielen fan persoanlike ferhalen te ferbinen.”
“Iepen doar[p] jout my de mooglikheid te dwaan wat ik it leafste doch: efterhelje wêrom’t en hoe’t minsken de dingen dogge dy’t se dogge. Dat doch ik graach yn Fryslân, om’t it myn thús is, om’t ik der in gearhing tusken de mins en syn omjouwing ûnderfyn, dy’t op oare plakken ferlern gien is.”
“As sjoernalist en kultureel antropolooch tink ik dat we oan de hân fan koarte audioportretten ynfielber meitsje kinne wat it begryp ‘mienskip’ betsjut foar de ferskate ynwenners fan in lyts Frysk doarp as Feanwâldsterwâl. Ik wol harkers oan it tinken sette oer de betsjutting dy’t dit begryp foar harren hat. Dat we ússels en inoar begripe leare.”
“Trochdat ik yn gruttere stêden as Rotterdam en Berlyn wenne haw, is myn swak foar it doarpslibben groeid, in plak dêr’t de hechting tusken mins en omjouwing sterk oanwêzich en dúdlik sichtber is. As byldzjend keunstner/fotograaf wol ik it fertroude, it gewoane dêrfan graach sjen litte. Fotografysk fyn ik it plattelân ynteressant fanwegen de romte en it ek rom oanwêzige ljocht, dat foar behâld fan de omjouwingssfear soarget. Graach wol ik it doarpske, dêr wêr’t it idyllyske en it rauwe byinoar komme, ferbyldzje.”
“Ik kom út Brabân, mar wenje in belangryk diel fan myn libben yn it Noarden fan Nederlân. De mentaliteit foldocht my. Wat my hjir opfalt, is dat minsken harren oer it algemien bewust binne fan de posysje dy’t se ynnimme binnen in lytse mienskip. By dat bewustwêzen stean ik graach en mei ferwûndering stil, en fia my en myn bylden hooplik folle mear minsken.”
“It Fryske doarp is my net frjemd. Ik wit hoe’t belangryk it is ferhalen te dielen, om sadwaande ûnderling begryp te kweken, want – mear as yn de stêd – hawwe je inoar nedich yn in lytse mienskip. As foarmjouwer meiwurkje oan in projekt dat dy werkenbere en ek belangrike doarpsferhalen fertelt, doch ik graach.”
“Ik bin opgroeid yn in lyts Frysk doarp. In projekt dat nei dat ferline weromgiet, makket my nijsgjirrich. Ik fyn it belangryk dat dizze ferhalen ferteld wurde en draach der graach oan by, om dat online sa goed mooglik te dwaan. Yn myn eagen hawwe de funksjonaliteit en de foarmjouwing fan in digitale omjouwing allinnich wearde as se tsjinstber binne oan de ynhâld, oan it ferhaal dat ferteld wurde moat.”
"It is altyd wer fassinearjend om te sjen hoe’t taal minsken mei-inoar ferbine kin of just ôfstjitte kin. Yn lytse Fryske mienskippen as Feanwâldsterwâl binne troch de jierren hinne hieltyd mear minsken fan bûten kaam te wenjen, minsken dy’t gjin Frysk prate. Fan wjerskanten kin dat in drompel wêze om inoar better kenne en begripe te learen. Trochdat de portretten ûndertitele wurde, kinne oarstaligen ek fan al dy prachtige ferhalen genietsje.”
“Ik bin wurksum as lûdstechnikus en ICT'er by Omrop Fryslân en help it Iepen Doar(p) projekt mei de montaazje fan de audioportretten. Ik bin opgroeid yn it Fryske doarp Tytsjerk en letter ferhuze nei Ryptsjerk, in pear kilometer fierderop. It doarpslibben is dus hiel werkenber foar my. It is tige aardich om mei in groep entûsjaste minsken dit unike portret fan Feanwâldsterwâl te meitsjen.”
"De reade tried yn de opdrachten dy’t ik as selsstannige doch, is de mins en syn/har ferhaal. Dêr past past Iepen Doar(p) hielendal yn. De ferhalen oanfolle troch de portretten jouwe in prachtich byld fan it libben yn in lytse mienskip as Feanwâldsterwâl. Hoe beharkje de minsken yn de takomst dizze audioferhalen? Sjocht it libben der dan hiel oars út? Bestean der dan noch doarpen as Feanwâldsterwâl? Koartom, Iepen Doar(p) is foar no en yn de takomst in belangryk dokumint.”
Allinnich beskiber yn it Nederlânsk